Challenge into Mission

Welkom op mijn Reislog!

Wolkom op myn weblog,
Sa't in soad minsken witte sil ik fanôf D.V. 3 maart foar in periode fan 77 dagen útwike nei it east-Europeeske Moldavië. Nei lang wikken en wegen haw ik dochs mar beslúten in weblog by te hâlden. Ik hoopje jim dan ek fia dizze wei op de hichte te hâlden fan de dingen dy't ik meimeitsje mei tidens myn ferbliuw yn Moldavië. Ik sil it telkens probearje koart en bondig te hâlden, en ot jim nog fjiddere dingen wite wolle, jim meie my altyd maile.

Wot gjin ik eins dwaan? No, ik mei op in paad mei en foar de Grutte Baas.
In Challenge into Mission. Sels leare en minsken helpe dy't it minder hawwe dan ús hjirre. It hat miskyn wol twa jier nijskjirrig foar my west saiets te ondernimmen, mar de stap te weagjen gie my faaks wot te fier. Mar doe't dot ferlangen bleaun, tocht ik, ik mat in knoop trochhakke, út de boat stappe, sa't Petrus dot ek die. Yn desimber fan 2011 kwam foar my in trochbraakwike en wist ik dot ik it weachje moast en mocht. No, in wike foar de reis is it hiel spannend, mar it jouwt ek rêst te witten dot ik eindelik gean. Ik bin ek bliid dot ik de mooglikhyd krij om te gean. Ik hoopje en bid dan ek dot alles wot ik dwaan mei en leare sil, ter eare wêze sil fan Him dy't my hjiryn liedt hat. It sil foar my in learsame tiid wurde, wêryn ik mysels ek gauris tsjinkomme sil. Ik hoop dot it my tichter by God bringt en dot ik dr in ryker minsk fan wurde mei. Ik kom der ek achter wot ik tydlik achter lit, in hiele besoargde beppe, besoargde âlders en de famylje, freonen en collega's. Ik sil jim dan ek tige misse, foarol op de moeilike mominten dy't sear zeker ek komme sille. Ek de kommende tiid, it moaie waar, it foarjier, it is altyd in moaie tiid, de opgeande tiid, ik sil it wol even misse. Mar dot sille se fêst yn Moldavië ek hawwe;-).

Mar ik mei ek gean yn it fertrouwen dot God dr alle dagen by wéze sil, dy belofte makket sterk. Ek de waarmte fan de minsken om my hinne dy't my in soad Seine ta winskje op myn reis en foar my bidde sille. Dit alles en de bemoedigende wurden, dogge my goed en jouwe my fertrouwen! Tige tank!
Jim ek in protte seine tawinske!
Oant sjen, oant blogs, of wat dan ek mar!

Groetnis,

Wiebe

Ps. Voor de niet zo goeie Friese lezers, de volgende blogs hoop ik in het Nederlands te doen.

Reacties

Reacties

Sanne

He Wiebe! Wat een goed stikje, moai om te sjen hoe grut ot dyn fertrouwen op us Heit is! Ik ha de site foen, dus sa kin we moai op 'e hichte bliuwe fan dyn ferhalen. Alfast succes mei de foarbereidingen! En de rest hie ik fannemidje al sein.. Enjoy!

Maaike

Hey Wiebe!
Wot moai dost een site byhalden gjost, kinne we op de hichte bliuwe fan wost allegeare meimakkest! Ik winskje die hiel folle succes en een geweldige tiid! Do kinst it!!
leafs Maaike

Agnes

Grutsk op dy! :-)

Jacob & Selie

Hé Wiebe,

Wy hoopje dast in mooie tiid hawwe silst yn Moldavië. Succes en geniet der fan!

Froukje

ik heb je site gevonden en ons maar meteen aangemeld voor je nieuwsbrieven.

We zien uit naar je belevenissen!

groeten Theo en Froukje

Douwe

Maatsje Misa,

Wy binne bliid dast der ree foar bist, en It fertrouwen hast. In goeie reis tawinske en wy wachtsje dyn blogjes ôf.

Groetnis Douwe en Anke

Gerda

Hoop dast fynst wast sykest en een hiele mooie reis fansels! Bin ek nijskjirrig nei dyn blogs.
Goeie reis! Gr Gerda

Johan Eisma

Wiebe, in hiele goeie tiid yn sunens en seine. Vaya con Dios.

Rommy Post

Hey Globetrotter,

Wat super dast dit beslut nommen hast! Wy winskje dy Gods segen ta en witte dast in Syn grutte han beskerme bist. It sil fest in unvergetelijke ervaring foar dy wurre! Moarn sille wy dy tige misse mar do wurst op de hichte halden!!
Leafs en groetjes fan Rommy, Jan, Joël en Tobias

Suzanne

Hoi Wiebe!
Eerste keer in mijn leven dat ik Fries lees;) Haha,
nou kan t nog best volgen. Mooi om over je motivatie te lezen en hoe je in alles op Hem vertrouwt! Ben benieuwd hoe je t nu de eerste dagen hebt. Zal wel even wennen zijn! Succes!

Annie Jellema

Hallo wiebe,
Fijn te lezen dat je goed bent aangekomen en ik hoop dat je veel mooie ervaringen op mag doen. veel sterkte met de taal.... En boven alles Gods zegen voor je verblijf daar.

groet Annie

Durk en Anneke

Hoi Wiebe,
Mooi dat het goed met je gaat. En dat je goede vriendschappen mag opbouwen met je mede reisgenoten. En wat van de cultuur van het land mag opsteken. En dat je wat mag betekenen voor de mensen daar. En zij voor jullie. P.s. het gaat goed met de ribben.
groetjes, Durk en Anneke

hilly de graaf

hoe gjit ut derre mei dy? hjir olles syn gong snein jiddei fiere! mooie U 2 dienst hown! veel mooie reacties!
pinkstermaandag ook optreden in het veenkloosterbos!
folle suc6 derre.....dikke tuut. hilly en vrienden...

hilly de graaf

ps wanneer komst wer thus?????? een goeie reis nei
hus.....olvast! prate we don efkes wer.

petra bijlstra

Hallo Wiebe.
Wat vliegt de tijd toch. Je bent er al weer bijna een maand en wat maak je veel mee. Bijzonder om je verhalen te lezen. A.s zondag weer dicipelschapscursus. Onderwerp nieuwe ambities. Je bent er niet bij, maar we zullen aan je denken. Heel veel Zegen." groeten ût damwald" fan Petra Bijlstra

Roelof en Hilda

Hoi Wiebe,
Wat in bysûnder ferhaal. Wy winskje dy noch in goei en segene tiid ta.
Groetnis fan Roelof en Hilda

Marcel

Wiebe,

Indrukwekkende verhalen, heb echt respect voor je!

{{ reactie.poster_name }}

Reageer

Laat een reactie achter!

De volgende fout is opgetreden
  • {{ error }}
{{ reactieForm.errorMessage }}
Je reactie is opgeslagen!