Challenge into Mission

La revedere Moldova, de laatste loodjes

Goeie allegearre!

Ik kan het niet laten, m'n laatste blog is in mn motherlanguage.
It sit dr allegearre wer hast op, nei 10-11 wiken Moldavië wurdt it wêr tiid om op hûs oan te gean. Mei gemingde gefoelens gean ik nei hûs, âfskyd nimme fan de minsken hjir en werom nei myn famylje, freonen thús.

Wy hawwe wer twa wiken fan Outreach hân, wêrt in hiel soad bart is, we hienen in geweldich team en it measte rûn dan ek os in oaljede masine. It is hjir skitterend waar: 25-30 graden soms hiter, âfwikselle mei wot tongerbuien en sa no en dan in kâldere dei. We besochten twa doarpkes, de earste wike Scoreni wêrt nog gjin tsjerke is. We hawwe hjir programma's hâlden yn in soart fan ‘Club', folgens my moast it in disco achtig iets foarstelle. It wie nogal teleurstellend de opkomst hjirre. Fjidder hawwe we praktisch wurk dien by minsken thús, in soad bêrnewurk en strjitevangelisaasje. De minsken binne wol iepen nei it Evangeelje, mar sommigen rinne ek hurd foart. De Orthodoxe tsjerke hat hjir in soad te sizzen en de pater fan dizze tsjerke hat minsken warskôge net mei ús te praten. Ek wy binne warskôge fersichtig te wurk te gean om gjin klachten te feroarsaakjen. We hawwe in soad Markusevangeeljes útdielt. Al mei al dreech om it Evangeelje te bringen mar wol in goed gefoel oer it wurk dot we dwaan koenen. It twadde doarp dot we besochten wie Crocmaz, hjir hawwe wy holpen mei te bouwen oan it daycenter foar de tsjerke, wêrt ferskate aktiviteiten hâlden wurde foar bêrn en de tsjerke. Hjir is in nij dak opkaam. It team waard hjir opdielt yn twaën en de iene helte hat holpen by it bêrneprogramma en wurkjes by de minsken thús, de oare helte wêrby ik wie, by it helpen mei it dak. Tidens dizze wike is de ienhyd dy't dr yn it team wie wot oantaast, dr waard hjir en dêr wot roddele, minsken wiene rekke. Ien fan de teamleden kriig de ynjouwing dit op in bibelske wize op te lossen, sa't Jezus de discipelen opropt te dwaan, elkoar te tsjinjen en elkoar de fuotten te woskjen, hawwe we alles útpraat en elkoar de fuotten wosken, in frjemde gewaarwurding foar my, mar yn guon tsjerken hjir wurdt it hjir mei it HA ek dien. Al hikjend dus mar meidien elkoar de fuotten te waskjen en mei in skjinne lei te begjinnen. Dit makke op eltsenien yndruk en hat ús holpen os team wer os ien te stean!
Yn dit doarp dus wot minder evangelisaasjewurk foar my, mar goed wurk foar de tsjerke.
Foar my in goeie tiid om langsaam wot ôf te bouwen en my ta te rêden om wer nei hûs ta.

Hoe sil it thús wéze?
Ik hear de klokken fan de tsjerken yn Driezum en Wâlterswâld alwer lieden, de lof en ear oan God yn gesangen en psalmen wer yn it Nederlânsk, spyle op it oargel, ik kin dr fan genietsje, de preek gewoan yn it Nederlânsk.
Yn gedachten stap ik alwer yn myn klompen, buorkje ik in slach oer it hiem, en drink in bakje kofje by heit yn'e winkel. By de êfterdoar roek ik it iten dot mem oant sierden is, ik krij de smaak fan de gehakbal heerlik kroede alwer yn'e mûle. It narjen fan Agnes ûnder it iten. Ik roek it farskmearnd gêrs at ik in blokje om doch op de fyts, op'e klaai fiel ik de wyn alwer troch myn hier en roek ik de seelucht alwer ot ik de boat fan amelân oankommen sjoch en probearje foar de wyn de 50 km/oere te heljen (sa net 60 ahum). Ik priuw beppe's kofje alwer, ik haw sin oan de kofje mei sûker en molke (ik drink de kofje gewoanwei swart, mar beppe ferjit dot wolris) en wurdt folpropt mei droege woarst en cake. By Auke en Alie op de bank ploffe os wie it myn eigen hûs, in pilske drinke mei freonen. Ik hear de kollega's by BSB olwer kleijen oer it swik wurk dot we hawwe en oer it gebrek oan tiid. Hiele simpele dingen, soms ergernissen mar foar my bysûnder: Thús!

Mar foardot ik nei hûs gean haw ik nog efkes tiid om oer alles nei te tinken. Wot bart dr ot ik wer thús kom? Of wot is dr bart doe't ik hjirre wie? Wot wurdt dr fan my ferwachte wannear ik wêr thús bin? Gelokkich wurde we dr hjir op tarêdt. In minske syket faaks nei syn eigen eare, ik kin net ûntkenne dot dit soms ek yn myn hert libbet, dochs is dr mar Ien dyt my roppen hat en Dy't eltsenien ropt. Ik haw antwurde, en God kin my brûke, Hy wol eltsenien brûke.
Ik wol eltsenien tankje foar al jim steun, jim bemoedigingen, boppe-al foar ol de gebeden nei de Heare. Mei God, myn en ik hoop ek jim Wurkjouwer op dizze ierde, de Grutte Baas, alle eare hawwe.

God wol ús allegear brûke. En oan ús is de keuze. Ik kriig foart ik hjir hinne gie ferskate kaarten mei teksten. Mei ik se jim wêrom jaan tenminste in pear dêrfan, ik kom dr efter dot hjiryn in les foar my lei:
Spreuken 3: 5,6: Vertrouw op de Heer met heel je hart, steun niet op eigen inzicht. Denk aan Hem bij alles wat je doet, dan baant Hij voor jou de weg.
Doe't ik fuortgie hie ik myn eigen ynsichten en wist net krekt wêrt ik komme soe. En wylst ik hjir wie bin ik mysels wolris in pear kear tsjinkaam. Mei myn eigen ynsichten makke ik it dan allinne mar moeiliker, de eigen natuer lostte it net op, troch it by it krús te bringen waard myn lest weinaam en Jezus helpt, Jezus seit it sels: Kom by My, allegear dy't wurch en swier beladen binne, en Ik sil jimme rêst jaan.

Fertrouwen op Syn wegen, dy't ús wegen te boppe geanne. Want Hy kin ús better dan wy ússels kinne:
Ps 139: De Heare kin ús en is foar ús en om ús hinne.

Nei alles dot ik meimakke haw hjir en leart haw kin ik tank sizze foar al it goeie wurk dot wy nammens God dwaan mochten:
Ps 118:28 Jo binne myn God en Jo wol ik tankje, myn God, heech wol ik fan Jo opjaan.

Fjidder wol ik dit nog kwyt, iets om oer nei te tinken:
God hat de minsken makke os kroan op syn skepping, de minsk hat de fryhyd om hjir syn eigen ynfulling te jaan, faaks gjit dit fout. De Bibel jouwt ús oanwizingen wot wy os dank foar it offer dot Jezus joech oan it krús om it rjocht te setten: Syn libben foar ús tekoartkommen. God op ierde, God mei ús:

1 kor 8:6: dochs is der foar ús mar ien God, te witten: de Heit, dêr't alle dingen wei komme en nei wa't wy ek geane, en ien Hear: Jezus Kristus, troch wa't alle dingen binne en troch wa't wy ek besteane.

Rom 12:1: Ik stean der by jimme op oan, bruorren, sa wier as God barmhertich oer ús is, dat jimme jimsels as in libben offer oan God opdrage, in offer dat oan God tawijd en Him gefallich is. Dat is jimme geastlike earetsjinst.

Dit is de útdaging dy't elkenien oan gean mei, mei fallen en opstean. Derby bliuwe dr altyd fragen, fragen wêrt we net altyd by stilstean bliuwe kinne, soms is it better oan de slach te gean yn de dingen dy't ús wol dúdlik binne dan te wachtsjen tot we antwurd hawwe op ús fragen.

Oant gau! (DV ;-))

Wiebe

Reacties

Reacties

Theo fan Froukje

Amen!

Douwe en Anke

Moai skreun Wiebe! Wy sjuche dy gau! Geniet fan de letste dagen, en een goeie reis! Leafs

Ruurdina en Keimpe

prachtig moai sein Wiebe!

Ruurdina en Keimpe

oja, geniet noch fan de letste dagen en in goeie reis tawinkse!

Sanne

Moai sein Wiebe! Een goeie reis en tot snel mar wer:)

Ingrid Benjamins (Operatie Mobilisatie)

Hoi Wiebe,
De afgelopen maanden heb ik steeds even meegelezen met je verhalen en ik ben onder de indruk van je getuigenis. Ook deze prachtige Friese blog. Ik kan heel goed begrijpen wat je schrijft. Je hebt een geweldig getuigenis, zeg! De komende dagen zal ik je ons Nederlandse evaluatieformulier sturen... Geniet van je laatste dagen in Moldavie, goede reis en geniet ook van het thuiskomen. Want dat lees ik ook zo mooi: je hebt er zin in om weer die zo gewone dingetjes te beleven in Friesland en bij je familie en vrienden te zijn. Die gewone dingetjes zijn na deze ervaring heel bijzonder geworden. Prachtig!
Een hartelijke groet!

Arjan

Heey Wiebe, skitterend! Goeie reis werom tawinske ;)

Jelte & Catharina

Ha Wiebe! Leuk om dit weer te lezen. Een goede laatste tijd toegewenst!!

Johan

Prachtig Wiebe. Ik hoopje dy snel wer te sjen.

{{ reactie.poster_name }}

Reageer

Laat een reactie achter!

De volgende fout is opgetreden
  • {{ error }}
{{ reactieForm.errorMessage }}
Je reactie is opgeslagen!